Wat godlik is, leit djip beskûle 
yn de kearn dy’t gloeit as fonk, 
de skyl slút der omhinne, 
dat gjin slang fynt dêr syn honk. 
De libbensbeam hat hege doelen, 
ripe fruchten op ‘en paad 
mei fonken dy’t allinne 
ljochtsje neffens harren aard. 
Twa fruchten litte har ferbine, 
barmhertigens en it ferstân, 
wa’t dêrfan yt, sil rinne 
streekljocht nei ’t beloofde lân. 
Wat godlik blinkt, is dêr te finen, 
de boarne by de libbensbeam, 
de fonken sille ’t winne 
fan de skyl, ien yn de stream. 
  
Sjoch ek: Religy 
Alef, Beet, Gimel, Dalet, Hee, Wav, Zaijn, Chet, 
Tet, Joed, Kaf, Lamed, Mem, Noen, Samech, Ajin, 
Pee, Tsadi  |