Joed, de earste letter fan Jahweh,
de hân rjocht út ‘e hichte wei
om nei de ierde út te stekken;
twa hannen nimme tsien kear mei
in fingerwizing foar it libbenspaad.
Noch twa letters binne fan Jahweh:
hee, ’t finster op ‘e ivichheid
om mei it each omheech te rikken;
en wav dy’t de ferbining leit,
in minskehân omheech, de fingers spraat.
Komme sa de hannen byinoar,
dan ljochtet yn it blau it wyt
om yn jûchhei lûd út te brekken;
de ierde sûnder wryt of slyt
komt sa as ’t hôf fan Eden op ‘e kaart.
Sjoch ek: Religy
Alef, Beet, Gimel, Dalet, Hee, Wav, Zaijn, Chet,
Tet |