Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Dreamtsjinst

Religy
PDF Print E-mail
 Tsjinst op 29 april 2012 op De Jouwer

Image

1. Tarissing

Trije wiken nei Peaske binne wy by elkoar
om fiergesichten te sjen,
want wa’t opstien is út in wrâld fan dea en tsjuster,
kin yndied fier sjen.
Sa komme dreamen en fisioenen foar eagen,
mar dat bart net sûnder dat ús inerlik each iepengiet.

Us help dêrby komt fan God,
de Skepper fan himel en ierde,
fan ús grutte broer Jezus Kristus,
de Minskesoan dy’t útsicht jûn hat,
en fan de Hillige Geast
dy’t ús inerlik each ferljochtet.

2. Sjonge
Lit ús in part fan de heilskiednis fan Israel sjonge,
fan Izaäk, Jakob en Joazef.
Psalm 105: 1, 4, 6 en 7

3. Gebed

Hear, wy tankje Jo foar ús eagen,
dêr’t wy mei om ús hinne sjen kinne
om fan de skepping te genietsjen.

Wy bidde foar minsken dy’t min sjen kinne of blyn binne,
sy dy’t noch mar in bytsje of hielendal gjin ljocht mear yn de eagen ha.
Hear, ferljochtsje har inerlik each,
dat sy dochs takomstbylden sjen kinne.

Hear, wy tankje Jo foar ús earen,
dêr’t wy lûden mei opheine
fan minsken om ús hinne,
sadat wy kommunisearje kinne,
en lûden opheine kinne fan de natuer,
foaral it sjongen fan fûgels yn dizze tiid,
dat ús as muzyk yn de earen klinkt.

Wy bidde foar minsken dy’t dôf binne,
dy’t minder goed kommunisearje kinne
en minder genietsje fan muzyk.
Meie sy de stim fan it leauwe beharkje,
dy’t as muzyk yn har inerlik klinke kin.

Hear, wy tankje Jo dat wy dreamen dreame meie,
dy’t ús bemoedigje, omdat sy ferwize
nei in bettere wrâld, nei jo Keninkryk.

Wy bidde foar minsken dy’t yn in dreamleaze tiid ferkeare
of pleage wurde troch de nachtmerjes fan sykte,
fertriet, iensumens en rou.
Mei jo Keninkryk foar har opljochtsje,
it Ryk dat útsicht biedt op in libben yn harmony.

Oan de ein fan ús bea freegje wy om in iepen inerlik yn dizze tsjinst
en yn it libben fan alle dagen,
in libben dat fol is fan it byld fan ús broer Jezus Kristus,
dy’t dreamde fan in wrâld yn harmony.
Amen

4. Sjonge
Psalm 105: 8, 9 en 18

5. Ynlieding

Dreamen binne bedroch.
Dreamen komme út ‘e tsjustere djipte oan it ljocht.
Dreamen binne spegelbylden fan de kommende werklikheid.
Dreame is idealen foar eagen ha.

Wa hat fannacht dreamd?
Elkenien soe no reagearje moatte, want ûndersyk hat útwiisd dat elk yn syn of har sliep dreamt, behalve wa’t sliepeleas de nacht trochbringt. It punt is dat wy ús meastal net bewust binne fan ús dreamen.

It soe yn it ramt fan dizze tsjinst ferhelderjend wêze dat der ien is dy’t in dream fertelle koe dy’t yndruk makke hat…

Dreamen binne bedroch
As in dream yndruk makket, kinst net folhâlde dat dreamen bedroch binne, want misliedende dreamen litst fan dy ôfglide, se glide werom yn it ûnderbewuste en litte gjin inkele yndruk achter.

Dreamen komme út ‘e tsjustere djipte oan it ljocht
As dreamen út ‘e tsjustere djipte komme, út it ûnderbewuste fan de minske, lykas Sigmund Freud ha woe, dan kin it net oars as der is wat út ‘e werklikheid yn dy djipte kommen, wat yn de dream wer oan it ljocht komt. De werklikheid dyst belibbe hast, wurdt yn de dream wer belibbe, faak op in oare manier.

Dreamen binne spegelbylden fan de kommende werklikheid
De kommende werklikheid? Kinne dreamen de takomst foarsizze? Mar hoe komme dy dreamen dan yn de geast fan de minske?
Wa sil it sizze?
Wa sil de dream útlizze?
Wa sil it spegelbyld ferbine mei de werklikheid dy’t komme sil?
Kinsto it?
Ik net.
Joazef miskien?

Image
Jan Mostaert

Dreame is idealen foar eagen ha
Wa hat dat net?
Ek ast al âld bist, dyn ferline lang en dyn takomst koart is?
Wa helpt ús oan in ideaal yn in wrâld dy’t alhiel op it no rjochte is?
De profeet Micha miskien?

6. Sjonge
Lied van de dromen: 1
Wijze: Lied 440 uit het Liedboek voor de kerken

Laat dromen in de slaap maar komen,
zij stijgen uit de diepte op,
men wordt door ’t nachtbeeld niet genomen,
het geeft de waarheid in de dop;
ontdoet men deze van de schaal,
dan klinkt de droom in klare taal.

7. Lêze
Genesis 40: 1-9
of Genesis 40: 1-23

8. Ferkundiging 1
Joazef, master-dreamer

Joazef, soan fan Jakob en Rachel, master-dreamer, puber fan hichten en djipten, slaaf en ûnderkening. Wat in libben! En libbe hat er, dy Joazef, en wat hat er al net belibbe! Sels in sededelikt, doe’t de frou fan Potifar, haad fan farao’s liifwacht, de jonge slaaf besocht te ferlieden. Slaaf wied er, mar wol in kreaze slaaf, oars wie Potifeara, sa sille wy har mar neame, net fereale op him wurden. Mar behalve dat Joazef in kreaze jongfeint wie, liet er ek sjen dat er knappe moraal hie: soe hy him mei de frou fan syn master op ‘e divan falle litte? Dan hied er noch leaver dat Potifeara syn jas útloek. En krekt dy jas waard him fataal, lykas de kleurige jas, dy’t er fan heit Jakob krigen hie, him it slavetou omdie.

Image
Lambert Jacobsz.

Potifeara draaide it sededelikt krekt oarsom en sa ek de wierheid: net sy hie de jongfeint ferlieden, mar de slaaf soe har oantaast ha. In knappe leagen mei grutte gefolgen, want Joazef gie de djipte fan de finzenis yn. Fan de put nei de finzenis, it wie gjin guozzeboerd, mar de hurde werklikheid. In nachtmerje yn plak fan in dream.

Image
Ludovico Cigoli

Mar Joazef dreamde troch oer in wrâld fan tsjinstberens, de ien moast, sûnder slaaf te wêzen, yn tsjinst stean fan de oar. En wrachtich, syn dreamen waarden in spegelbyld fan de kommende werklikheid. Hy mocht fan de finzenisdirekteur soarchferliener wurde, de soarch fan syn kollega-finzenen op him nimme. De kreaze jongfeint hie yn de rin fan de jierren brede skouders krigen, in rom hert en it fertrouwen fan de leechste en heechste boeven. Soest as foarname hoveling fan de farao oars dyn dreamen fertelle oan in allochtoane finzene, dy’t noch nei skieppekeutels stonk?
Dêr sitte se, krekt wekker wurden út ‘e dream fan hearlik rûkend gebak en de tonge streakjende wyn. Of wiene it nachtmerjes?                          
Joazef harke en wy ha mei him harke, nammentlik by de lêzing. En dêr yn de djipte fan de sel, waard Joazef him der bewust fan dat Jahweh, syn God, mei in dream oant yn it djipste fan de minske gie. Hy koe der noch net de namme oan jaan dy’t de psychology ieuwen letter betocht: it ûnderbewuste. By Joazef kaam boppe dat de dreamen fan de skinker en de bakker spegelbylden fan de kommende werklikheid wiene. Doe gie Jahweh ek it wêzen fan syn trouwe tsjinner yn, yn it bewuste fan Joazef en hy krige de kommende werklikheid fan de skinker en de bakker foar eagen.
Net de bôle, dy’t foar Egypte it wichtichste libbensferlet wie, mar de wyn soe de heechste freugde fan de minske wurde. Nei it ‘Jou ús hjoed ús deistich brea’ moast klinke ‘Lit jo Keninkryk komme’, in Keninkryk fan oerfloed mei in wyngerd en folle bekers wyn.
En sjedêr: de skinker rint mei in lege beker nei de wyngerd en om te rispjen moat er bûge. As ien dochs besocht hat om de farao te fergiftigjen, dan bûcht de skinker no de holle as boete. Dêrnei rint er mei in folle beker by de treppen op, de hichte fan farao’s keninkryk yn.
Mar sjedêr: de bakker hâldt mei trije folle kuorren op ‘e holle de rêch rjocht, hy is fan bûgen frjemd. Hy hat yn it tsjuster fan de neare nacht oan it bakken west en wankelet, as de fûgels mei folle snaffels fuortflein binne, de kant fan de galge út.

9. Sjonge
Lied van de dromen: 2, 3, 4, 5 en 6

Laat Jozef, zoon van Jacob, dromen
van schoven, sterren en de zon,
hij heeft zijn dromen meegenomen,
waaraan hij vasthield, toekomst won.
Eerst kwam de nacht van slavernij,
de zon ging aan zijn cel voorbij.

Het welkom voor de hovelingen
sprak Jozef in hun noodlot uit,
ontdaan van eer en gouden ringen,
bezaten zij nog slechts hun huid,
aan farao zijn grillen bloot,
was ieder zeker van zijn dood.

Toen kwam de nacht van klare dromen,
maar zonder een betekenis,
tot Jozef in de cel zou komen,
hij was zoals een spiegel is,
een spiegel voor het levenslot,
zijn geest was scherp gericht op God.

Image
Jan Mostaert

De bakker van gebak en broden
liep met zijn korven in de lucht,
toen vlogen aan de onheilsboden,
het baksel pikkend in hun vlucht.
De bakker bakte nooit weer brood,
de droom betekende zijn dood.

De schenker plukte zoete druiven
en schonk de koning klare wijn,
toen vlogen aan de vredesduiven,
hij mocht weer voluit schenker zijn.
Maar Jozef, open, goed en wel,
bleef zelf nog jaren in de cel.

10. Lêze
Micha 4, 1-5

Image
Bernardino Luini

11. Ferkundiging 2
Micha, fisionêr profeet

Image
Romaanske keunst

Micha, soan fan it plattelân, wa wit hie hy de rook fan skiep wol by him, profeet mei in wjersin tsjin de stêd fanwege it ûnrjocht dat dêr timpelheech opriisde. Lykas yn ús eigen tiid waarden de riken riker en de earmen earmer. As der yn Micha’s tiid banken en bedriuwen west hiene, dan hiene de toppers harsels ferrike mei bonussen en oandielen. Der hearske yn Jeruzalem sosjaal ûnrjocht. En harkje, Micha spriek út namme fan Jahweh syn ôfgriis út.
Yn Juda wie dus yn dy dagen, yn de achtste ieu foar Kristus, in profeet dy’t de machtigen en riken de wierheid foarhold. En op De Jouwer? Sprekke hjir de tsjerken út namme fan God har ôfgriis út oer de twadieling yn de maatskippij, oer de ûngelikense ferdieling fan macht en jild?

Mar Micha is net allinnich in maatskiplike ûnheilsprofeet, dy’t it folk yn de put praat. Hy sjocht oer de muorren fan it ferdoarne Jeruzalem hinne en wurdt yn de fierte in opljochtsjende berch gewaar. De profeet kriget in fisioen, in ideaalbyld dat fier útstekt boppe de maatskiplike werklikheid fan syn tiid. It heil riist berch- en timpelheech, want op ‘e berch blinkt it hûs fan de Hear. Wêr’t hichten en idealen ferrize, komme minsken yn beweging, net allinnich it folk dat it ideaal al yn it ferline foar eagen hie, it folk Israel, mar ek de folken dy’t binnen de grinzen fan har eigen werklikheid bleaun binne en gjin útsicht op ‘e berch mei it blinkende hûs hiene.
Elkenien dy’t sjocht en harket, komt yn beweging, net de krisisput of de finzenis yn, want de wei rint omheech, by de berch op, nei in nij Jeruzalem, in ideaalbyld dat werklikheid wurde sil.
Soks giet net sûnder wurd en die. Wurd en die binne yn dit ideaalbyld in ienheid. It wurd dat op ‘e hichte sprutsen wurd, it hege wurd fan Jahweh, wurdt daliks werklikheid: it oarlochsark feroaret yn ark foar ‘Jou ús hjoed ús deistich brea’. Mar dêr bliuwt it net by, want hoewol’t de bôle dield wurdt, om’t der in mienskip is, mei in minske ek ûnder syn eigen druvestôk sitte. Gjin tûzen stokken, want dat wurdt wer slaande rúzje, mar ien inkele druvestôk, om’t dy genôch is foar tûzen folle bekers wyn, byld fan it Keninkryk. Lit jo Keninkryk komme…
Yn it fisioen fan Micha is it Keninkryk kommen mei yn de hichte de berch en it blinkende hûs en yn de lichte de eigen druvestôk. Dat is genôch foar in goed libben. Proast!

Image
Frânske skoalle

12. Sjonge
Liet fan Micha: 1, 2, 3 en 4
Wize: In spyltúch bin ik yn Gods hân

Jeruzalem, de stêd fan rjocht
yn wurd, mar mear yn died,
ik profetearje fan it ljocht
en wat de takomst biedt:
de flakte giet de hichte yn,
Gods berch sjochst al fan fier,
de dowen sweve op ‘e wyn,
de frede wurdt dêr wier.

Egypte, Moab, Libanon,
hear nei it Wurd fan God,
de hege berch wurdt ta syn troan,
der komt in kear yn ’t lot:
kom, gean mei ús de hichte yn
en bliuw net ûnder stean,
de dowen sweve op ‘e wyn
mei fredesfreon de earn.

Fan Sion gean de Wurden út
op Mozes’ stiennen skreaun,
de frede ken gjin oarlochsbút,
de fijân wurdt ta freon:
in ploech wurdt út ‘e swurden smeid,
de sichte út ‘e spear,
gjin mins dy’t noch de deastek krijt,
der is gjin oarloch mear.

De Jouwer, Sleat en Wolvegea,
sjong mei it libbensliet:
genietsje fan it deistich brea,
de wyn dy’t freugde biedt,
dan giesto mei de hichte yn,
Gods berch sjochst al fan fier,
de dowen sweve op ‘e wyn,
de frede wurdt dêr wier.

13. Ferkundiging 3
Ha wy dreamen en idealen?

Joazef en Micha, twa manlju mei in rike libbensûnderfining, dy’t boppedat dreame koene. Oerdei libje en nachts dreame.
Joazef, wêrom binne wy ús amper bewust fan ús dreamen? Do koest se oan jim heit en dyn broers fertelle, oer de skeaven dy’t har bûgden foar dyn eigen skeaf, oer de sinne, moanne en stjerren dy’t har bûgden foar dyn stjer.
Leauwe wy net mear dat de Alderheechste yn de djipte fan ús geast komme kin?
Joazef, wêrom kinne wy gjin dreamen útlizze? Do ferteldest oan de skinker en de bakker en letter oan farao de betsjutting fan harren dreamen.
Stiet ús geast net iepen foar de Geast fan de Alderheechste, foar de Hillige Geast, dy’t dreamen opljochtsje lit?
Micha, wêrom ljochtsje foar ús geastlik each gjin fisioenen mear op? Do seachst de berch mei it blinkende hûs en de folken yn beweging kommen om op te gean oer dy iene wei, de wei fan wurd en die, dy’t op ‘e berch ta ienheid wurde.
Ha wy op De Jouwer, yn It Hearrenfean, Snits, Amsterdam, Rome, Atene, Moskou, Peking, Washington en Jeruzalem gjin idealen mear? It ideaal fan in wrâld sûnder twadieling, sûnder it stribjen nei macht en jild, sûnder striid? In wrâld dêr’t wy mei elkoar de bôle yn diele, yn ús tún genietsje fan de groei en bloei en druven rispje, foar de iene it druvesop, foar de oare de wyn, opdat Gods Keninkryk komme mei.
Amen

14. Oargelspul
Iepen romte

15. Us Heit

Us Heit yn ‘e himel,
lit jo namme hillige wurde,
lit jo keninkryk komme,
lit jo wil dien wurde
op ierde likegoed as yn de himel.
Jou ús hjoed ús deistich brea
en ferjou ús ús skulden,
sa’t ek wy ús skuldners ferjûn hawwe;
en lit ús net yn fersiking komme,
mar ferlos ús fan ‘e kweade.
Want fan jo is it keninkryk
en de krêft
en de hearlikheid
oant yn ivichheid.
Amen

16. Sjonge

Liet 290: 1, 2, 3, 4, 5 en 6

17. Seine
Lit ús út dizze Fermanje gean
mei it fisioen fan de hege berch
dêr’t alle folken by elkoar komme.

Lit de seine fan God ús wei dêrhinne ferljochtsje,
lit de leafde fan Kristus ús op dy wei begeliede
en lit de Hillige Geast ús ynspirearje om ûnderweis fol te hâlden.

18. Sjonge
Liet 456: 3

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum