Hebrieuske letters
De 22 Hebrieuske letters binne yn in ramt set
mei in skilderij, in skematyske ôfbylding dêrfan
en in taljochting.
De skilderijen binne fan Ruud Bartlema.
Wilma Raadsveld hat de tekeningen makke
en de tekst gearstald.
De symbolyk fan elke letter komt ek yn in gedicht
ta utering.
Alef, kop fan okse, sa bist ien
mei hiel de skepping troch de Iene,
fan kop oant sturt
bist troch syn hannen gien
en nei it earste wurd
skoep God dy’t noch gjin oansjen hiene.
Himel boppe ierde, beide leech
noch yn de hannen fan de Iene,
fol fan hope op
wat komt fan himelheech,
nei Alef klinkt de rop:
‘Hear, ierde, wurden fan de Iene.’
Wurd dat út it tsjuster ropt it ljocht,
oanwêzich mar ferburgen Iene
yn de minske, man
en frou, in striel dy’t rjocht
it hert oansprekt en dan:
‘Hear, Israel, Jahweh de Iene.’ |