december 11, 2025

fan ûnbekend*
Lit oalje net it wetter kleurje
mei de swartste tinten fan de wrâld,
de ierde kin dy oanslach net mear oan
en sil fersinke yn it swarte gat
dat machtigen oan ’t graven binne.
De macht ferslacht in oaljetanker,
leit mei twang beslach op ’t swarte goud
en stekt dêrmei it earste fjurke oan,
oplôgjend as de oalje oeral streamt,
de harsens net mear tinke kinne.
De macht is dan fol yn de oalje,
dronken fan it hearskjen oer de wrâld
en fan it geilen op de fredespriis,
lit him fersinke yn it swarte gat
dat groeven is foar him allinne.
* Yllustraasje ‘Oalje’
december 7, 2025
december 1, 2025