Hjoed giet de sinne fleanend op,
in nije skepping op in dei
dy’t oars is as ferfleine dagen;
de nacht sprekt no yn ’t daagjen mei,
it blanke ljocht is oer syn top
en stekt net mear yn alle lagen.
’t Ferskaat oan stammen op ‘e wrâld
riist mei de krunen kleurich op
en rûzet fan in djip behagen;
de dei strykt troch it iepen wâld
en út ‘e fierte klinkt de rop
om mei elkoar de bol te dragen.
|