Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Washington-gongers

Polityk

fan ûnbekend*

Twa froulju dangelen nei Washington,
ferbjustere oer wat der sa al barde
yn har lân fan dream en winsken,
dêr’t de hannel rûn op jildsucht út
mei bitcoins sûnder dat der bidden
waard foar deagewoane minsken.

In man, foar harren doe noch ûnbekend,
kaam ûnferwachts dy froulju op ’e side,
sûnder dat it mei har spoarde:
‘Op en del fier ik myn plannen út,
fertel my net wêr’t jim ’t oer hiene,
ik stel priis op jild en Joaden.’

De froulju sprieken wol har soargen út
oer Gaza, Israel en Oekraïne,
wat mei Kristus’ dream net spoarde,
op en del seach hy de froulju oan:
‘Fertel my net wat jimme miene,
ik bin freon fan jild en Joaden.’

Dy trije kamen oan yn Washington,
ynienen giene twa de eagen iepen
foar syn troanje, net te leauwen
dat er delsjocht op ’e minskewrâld,
gjin each hat foar wat oaren dogge,
wat kin ’t minskdom dan noch leauwe?

Yllustraasje ‘Donald Trump’
 

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum