Snits de stêd mei stoom en faasje
oer it wetter en it spoar,
ûntspoarde mei de sinteraasje,
dêr wie de provinsje foar.
Stichting Stoomtrein Fryslân spoarde
stomend op in botsing ôf,
om’t Ljouwerts koalen minder scoarden,
wie de reek fan lilkens blau.
De provinsjemasiniste
sette doe it sein op read
omdat dy reek ’t miljeu ferpeste,
yn ’t ferkearde kielsgat skeat.
Oerlis yn de restauraasje
sette ’t spul wer op it spoar.
De fraach is oft de Fryske naasje
wol op stoom bliuwt mei elkoar.
|