Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Op it flinterfjild

Polityk


De kleuren fan sabeare flinter
kundigje it fleanen oan
dat lûdleas giet fan blom nei blom,
de enerzjysintrales
foar flinters yn de flecht.

Hoefolle flinters sûnder kleuren,
laden mei de enerzjy
noch deadliker as bom nei bom,
ferneatigje sintrales
fan minsken op ’e flecht?

Gjin flinter kin in drone opkeare,
mar wol tsjinje as it byld
fan fredich fleane sûnder brom,
gjin enerzjysintrale
wurdt rekke, libbensecht.

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum