Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Mynhear de presidint

Polityk

fan ûnbekend*
fan ûnbekend**

Mynhear de presidint,
ik stel my oan jo foar:
Seattle is myn namme,
haadman fan in yndianestam,
wy ha jo oanbod krigen
om ús foarfaars grûn te keapjen,
mar as wy dat lân ferkeapje,
giet de weardichheid teloar.

De wearde fan ússels
en dy fan de natoer
hawwe beide rjochten,
lân en himel binne net te keap,
de klearrichheid fan wetter,
koelte fan de loft, hoe kinne
wy dy as besit opeaskje?
Sa’n ferkeap hat rjocht noch doer.

Mynhear de presidint,
ik stel my oan jo foar:
Grienlân is myn namme,
plakferfangend ha ’ k my skamme, want
de suverens fan snie en
iis, ek fan de loft, hoe kinne
jo dy as besit opeaskje
sûnder skamte nei in oar?

Yllustraasje ‘Seattle’
Yllustraasje ‘Trump’

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum