oktober 21, 2025
Bliuw net tusken wâlen lizzen,
machten tsjuster as de nacht,
de iene heech wat lijte joech,
mar wyn en skom net langer keart,
de oare bearend yn de fierte.
Wat hast sels dan noch te sizzen
oars as flaaikjend om in wurd
dat útstekt boppe eigen krêft
of roppend nei de fierte dat
dyn krêften soks net sitte litte.
Far dan út ’e fêste haven
dy’t gjin hege weagen keart
en syl op eigen krêft de mar
op nei de kym mei útsicht op
it ljocht, de frijheid yn de mjitte.
oktober 9, 2025
oktober 1, 2025