januari 27, 2026

fan ûnbekend*
As syn wurd de kâns krijt
om yn it hert te sjitten,
wurdt it bloed sa tin as sûpe
en it brein sâlt as de see,
dy’t iiskâld oer New York streamt,
weaget troch nei Washington
en Minneapolis befrijt.
Wurd nei wurd wurdt sketten,
gjin wierheid kin him keare
mei’t syn bloed noch tinner is
as sûpe, asperine lit
it hjit en breinroer streame
oer de wrâld: ‘Lit Washington
mei ’t medisyn belibje fun!’
Minneapolis lit
it nei by ’t sjitten sitte,
lit it bloed noch flugger streame
troch it al fergetten bloed,
de stêd lit razend witte
dat yn Washington mei wurd
nei wurd de leagen deadlik sjit.
Yllustraasje ‘Sniestoarm’
januari 25, 2026
januari 21, 2026