Willem Tjerkstra’s thússide
admin

De selfy

Polityk

fan deiblêd Trouw*

Der is in selfy makke
troch soldaten fan Gods Israel
foar inkeld mar ruïnes
dy’t sysels ek makke ha,
gjin Palestyn is dêr te sjen.

De selfy hat earst lake
nei soldaten fan Gods Israel,
feroare doe fan stimming,
waard grimmitich, it gie ta
op deaders fan Gazaanske bern.

De selfy krige wjukken,
fleach fan Gaza nei Gods Israel,
liet sjen wat dêr feroare
wie, as spegel liet er sjen
de moardners fan Gazaanske bern.

Doe fleach de selfy fierder
fan Gods Israel de ierde oer
as teken fan feroaring:
himelskheech in reade streek,
it moardnersbloed wie klear te sjen.

* Foto ‘Selfy’

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum