Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Ballade fan de kultuer

Polityk
PDF Print E-mail
Image

Foar Fryslâns skepping wie de see
dy’t altyd weage en wyld bearde,
neat noch wie der wat him kearde,
sels de miuw fûn gjin fêst stee.

Doe, op it kearpunt fan de tiid,
ûntstie it waad, it earste fêste
yn in wrâld mei kimen wiid,
’t wie lykwols net it lêste.

Want sjoch, dêr wie de earste dei,
mei kamen ek de earste minsken,
Friezen dy’t it heechste winsken,
skoepen terpen op ‘e klaai.

De twadde dei wie foar de bou
fan ’t doarp, de skepping fan it platte,
gjin pretinsje, sa’t de frou
fersoarget bern en katten.

Sjedêr, doe kaam de tredde dei
mei sterken dy’t de tuorren bouden
fan de stêd, mei swurden houden,
foar de skeppingsmacht de kaai.

De fjirde dei wie foar de hân
fan bouwers dy’t de skûtsjes makken
om te laden yn it terpelân,
dat hegerop wer sakke.

Image

Dei fiif wie foar it grutte jild
dat skoep it folk mei kapitalen,
hegerop nei it globale,
wrâldfier wie it rôljend fjild.

It rôle op dei seis mar troch,
want alles koe de wrâld út ride,
minsken skoepen altyd noch
al wie ’t dan diokside.

Dei sân kaam alles yn de rêst,
behalve ’t bearen fan de weagen
dy’t de Friezen kommen seagen,
hegerop wie no it bêst.

Doe, op dei acht yn de natuer,
stie op in frou mei in pretinsje:
skeppingskrêft foar de kultuer
yn Europeesk diminsje.

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum