juni 13, 2025
fan ûnbekend*
In lytser dieltsje is der net,
te lyts om oan te sjen,
mar grut yn hannen fan de macht,
net bûn oan de morele wet.
De iene steat wie wol by steat
om foar de bom te gean,
de oare is noch net safier,
wurdt troch dy iene no noch keard.
Dy iene keart mei rûch geweld
de kearn fan de moraal:
falt men de oar mei bommen oan,
dan wurdt it rjocht net langer teld.
De bommen fjurje oan de haat,
dy’t útgroeit ta de wolk,
heech rizend boppe wat net mear
bestiet, dy steat is fan de kaart.
* Foto ‘Atoombom’
juni 2, 2025
mei 29, 2025