Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Bertebeheining

Skiednisbylden

fan ûnbekend*

Fan stienkoal yn de djipste lagen
nei de djippe skurte fan de frou,
dat wie de wei fan Mary Stopes:
har antwurd op ferskate fragen.

Har ûndersyk nei âlde planten
yn de swarte lagen fan de grûn,
brocht Mary op in heech nivo,
dy wittenskip hie djippe kanten.

It each foel op ’e soarch fan memmen,
harren noed foar withoefolle bern,
de wittenskip koe oanjaan: ho,
sa waard der yn de skurte remme.

Der kaam beheining fan de berte
troch de publikaasje ‘Maried Love’,
dat wie de wei fan Mary Stopes,
sy hat de earste stappen setten.

* Foto ‘Mary Stopes’


admin

Griis

Bibelbylden

fan ûnbekend*

Hy wie jong, earst earm, mar wiis
en koe yn ’t dwaan en litten
mear fertelle as de dwaze kening,
syn jierren kleuren him al griis.

Elk rûn mei de jonge fuort
en seach him doe al sitten
op ’e troan as nije, wize kening,
de âlde kriich in leger lot.

Jong waard âlder, minder wiis,
wat elkenien rap witten
hat, sa kinne foarst en folk feroarje,
wat earst noch wyt wie, wurdt dan griis.

* Yllustraasje ‘Griis’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum