mei 21, 2021
fan Jacopo Zucchi*
De moaiste frou op ierde,
Psyche, waard earst net bemind,
se frege rie oan it orakel,
dy’t har daliks witte liet:
‘In meunster sil dy drage
nei ’t kastiel, in frjemde fint.’
Se liet har troch him liede,
mocht him nachts op bêd net sjen,
wat wekker makke har gefoelens;
mei in mes en oaljeljocht
gie sy mei pine mage
om it meunster te besjen.
Har ljocht foel fol op Eros,
tagelyk in oaljedrip,
sadat er opsprong, by har wei gong;
Psyche hat him oeral socht,
har oer dy drip beklage,
rekke djipgeand yn in dip.
Uteinlik rekken beide
op Olympos mei elkoar
ferbûn, gjin meunster yn de leafde,
mar wol Eros mei syn liet:
‘Op hannen sil ik drage
Psyche, want dêr bin ik foar.’
* Jacopo Zucchi (1541-1596)
Skilderij ‘Eros en Psyche’
mei 20, 2021
fan Rembrandt
Syn hier om krún en kin
hie al de glâns fan sulver,
wat wiisde op ’e âlde dei,
sa ek de tearen yn ’t gesicht,
gravearre troch de jierren hinne.
Hy fûn yn ’t wurk de sin:
it libben mei it sulver
dêr’t hy syn hert yn lei;
beskôge ’t boppedat as plicht
om dêr sekuer yn te gravearjen.
Mar yn de skimer kin
gjin sulversmid it rêde
om te gravearjen as by dei;
syn eagen binne suver ticht,
as moast er opsjen yn de sinne.
Syn geast kin noch wol sjen
it glânzjen fan it sulver,
it jout him sa in knypeach mei.
* Rembrandt (1606-1669)
Ets ‘Portret fan Jan Lutma’