augustus 9, 2021
Frysk bloed kom del
en lit it no mar reine,
ús ieren streame dêrfan oer.
Driuw fuort,
wy sjonge ’t wietste lân fan ierde,
it Fryske lân fol drek en skom.
Klots dan en bolderje,
Rein oan it roer,
dyn nije takomst,
it wurdt in toer.
De flagge del,
wa sil syn banen heine?
De pompeblêden yn it wiet.
Driuw fuort
oer marren, seeën, oseanen,
mar kom yn ’t heitelân werom.
Klots dan en bolderje,
sjong mei dit liet
oer Fryslâns takomst
salang’t it giet.
augustus 8, 2021
fan Walt Disney*
In mûs dy’t lûd joech, wie modern,
hy pipe, mar koe ek goed prate,
liet him as in stjoerman sjen,
gjin minsklik wurk wie him tefolle,
dêrmei spriek er oan de bern.
Hy seach himsels as kapitein
en stie oan ’t roer fan stoomboat Willie
tsjin dit sin fan Boris Boef,
dy kapitein hie yn de holle:
jirpelskile yn de roef.
As Mickey Mouse waard hy bekend,
in slimme mûs om mei te praten,
wiere freon fan alle bern,
dy’t mei de mûs belibje wolle
wat yn ’t echt net is te sjen.
Yllustraasje ‘Mickey Mouse as kapitein’