Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Neitins oan Paulus Potter

Keunst

fan Bartholomeus van der Helst*
fan Paulus Potter**

Lit ús him net ferjitte:
Paulus Potter, achtentweintich jier
en dan al út it libben wei,
hy is de skilder fan de bolle,
dy’t tagelyk de ko fêstlei.

Sjoch selsbewust him sitten,
dêrfan is er him net mear bewust,
wy litte him net samar gean,
ha noch in klear byld fan de holle
en klaaie him yn kreaze klean.

Hy hoecht net mear te switten
op wat komt der no wer op it doek,
de ferve bliuwt op it palet,
de leechte sil syn neitins folle,
ferjitte dogge wy him net.

* Bartholomeus van der Helst (1630-1670)
Skilderij ‘Portret fan Paulus Potter’

** Paulus Potter (1625-1654)
Skilderij ‘De bolle’

admin

Ferwyt

Bibelbylden

fan Rembrandt*
Jesaja

Jawis, dit sis Ik as ferwyt:
do hast neat foar My dien,
gjin offer hasto brocht,
sels ha Ik dy net roppen heard
om help, dyn eigen gong bist gien.

Oan My wiest sels gjin krommel kwyt,
dyn sûnden hast My jûn
en ûngerjochtichheid,
dyn misstap wiske Ik wol út
en sûnden binne dy ferjûn.

Bring mar in oanklacht tsjin My yn,
dyn stamfaar wie ’t al mis
mei, ’t hillichdom waard ek
ûntwijd, sels troch de hegerein…
dyn ûndergong wie dêrom wis.

* Rembrandt (1606-1669)
Skilderij ‘Jeremia treurjend oer
de ûndergong fan Jeruzalem’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum