september 4, 2021
fan ûnbekend*
Jesaja
Myn tsjinstfeint Jakob, moatst goed hearre,
Israel, do ek, want keazen bist
troch My, dus harkje nei myn sizzen:
‘Ha gjin noed, datst dit goed witst.’
Ik jou de grûn dy’t toarst hat, wetter,
spiele lit Ik it oer ’t drûge lân,
myn Geast sil Ik oerfloedich jitte
oer dyn bern, wat skept in bân.
Sy sjitte op as tamarisken,
lykas popelieren by it wiet,
de iene seit: ‘Man fan de Heare
wol ik wêze mei de died.’
De oare sil him Jakob neame
nei de tsjinstfeint fan de Heare God,
de tredde skriuwt: de Heare sines,
sa komt elk by My oan bod.
* Foto ‘Stjalprein’
september 3, 2021
fan Peter Paul Rubens*
Hy koe mei wurden it wol dwaan
en spriek as reedner Rome oan,
behalve keizer Caligula,
dy’t him stjoerde nei in eilân ta,
as filosoof koe hy syn slach dêr slaan.
As pedagooch kaam hy werom,
want Nero moast in master ha,
dat wie de winsk fan Agrippina,
dy’t as mem it bêste foar him woe,
mar keizer Nero brocht har letter om.
Bestjoerder waard syn nije rol,
want Nero lei him ta op nocht
en wille: froulju, hynders, liuwen;
mar ’t wie letter dien mei Seneca,
hy hold it by sa’n keizer net mear fol.
As filosoof koed er it oan
dat hy him skikke moast yn ’t lot:
de swierste straf, hoewol ûnskuldich;
sels moast hy syn bloed as deastraf jaan,
as wiere stoïsyn is hy doe stoarn.
* Peter Paul Rubens (1577-1640)
Skilderij ‘De dea fan Seneca’