Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Seneca

Mytebylden

fan Peter Paul Rubens*

Hy koe mei wurden it wol dwaan
en spriek as reedner Rome oan,
behalve keizer Caligula,
dy’t him stjoerde nei in eilân ta,
as filosoof koe hy syn slach dêr slaan.

As pedagooch kaam hy werom,
want Nero moast in master ha,
dat wie de winsk fan Agrippina,
dy’t as mem it bêste foar him woe,
mar keizer Nero brocht har letter om.

Bestjoerder waard syn nije rol,
want Nero lei him ta op nocht
en wille: froulju, hynders, liuwen;
mar ’t wie letter dien mei Seneca,
hy hold it by sa’n keizer net mear fol.

As filosoof koed er it oan
dat hy him skikke moast yn ’t lot:
de swierste straf, hoewol ûnskuldich;
sels moast hy syn bloed as deastraf jaan,
as wiere stoïsyn is hy doe stoarn.

* Peter Paul Rubens (1577-1640)
Skilderij ‘De dea fan Seneca’

admin

Neitins oan Paulus Potter

Keunst

fan Bartholomeus van der Helst*
fan Paulus Potter**

Lit ús him net ferjitte:
Paulus Potter, achtentweintich jier
en dan al út it libben wei,
hy is de skilder fan de bolle,
dy’t tagelyk de ko fêstlei.

Sjoch selsbewust him sitten,
dêrfan is er him net mear bewust,
wy litte him net samar gean,
ha noch in klear byld fan de holle
en klaaie him yn kreaze klean.

Hy hoecht net mear te switten
op wat komt der no wer op it doek,
de ferve bliuwt op it palet,
de leechte sil syn neitins folle,
ferjitte dogge wy him net.

* Bartholomeus van der Helst (1630-1670)
Skilderij ‘Portret fan Paulus Potter’

** Paulus Potter (1625-1654)
Skilderij ‘De bolle’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum