september 27, 2021
Grien-read, de kleuren fan de trochgong
foar de skippen yn ’t PM-kanaal
om troch te farren nei de haven,
soms hat ien in oar ferhaal:
‘Ik ha ferlet om oan te lizzen
foar de nacht yn myn PM-kanaal,
it grien lit frije tagong witte,
ik ferstean de kleure-taal.
Dus hise ik de Fryske flagge
mei de pompeblêden yn it read,
ik ha mei blau-wyt frjemde streken…
is myn oanlis sa ferkeard?
Ik hear net yn de stille haven
fol mei grize boaten board oan board,
’k lis leaver oan by myn prinsesse…
bin ik dêrom idioat?
Ik ha neat mei de wetterplysje,
mear mei favoryt Prinses Margriet
kanaal, dat sil my altyd boeie…
myn ferhaal woe ’k efkes kwyt.’
september 26, 2021
fan ûnbekend*
It oandiel dat de wrâld behearsket,
giet earst hinne, komt dan wer,
lykas ’t ferkear op Wall Street sjen lit,
’t rekket minsken, allegear.
Panyk fiert rap nei ekstremisme:
bring de ropper oan de macht,
omdat hy ús de takomst sjen lit,
op ’e naasje slacht er acht.
Syn oandiel riist, want hy behearsket
’t wurd dat opropt ta de striid
om muorren fan dy oar te sljochtsjen,
foar syn folk is ’t útsicht wiid.
Dat Wall Street liedt ta ekstremisme,
lit de folkske lieder sjen
troch falsk de hege noarm te sljochtsjen,
winst giet yn in dei ferlern.
Foto ‘Wall Street’