september 9, 2021
fan Marc Chagall*
Der bart fan alles yn ’t bestean:
de hin leit moarns in aai,
de hoanne kraait fiktoarje,
de geit springt op ’e kiste,
de ko jout molke oan de boer,
it folk wol op it ljocht ta gean.
De muzikanten spylje lûd
lju út it tsjuster wei,
want alles sil feroarje
mei ’t opgean fan it breidspear,
it famke jout de blommen oer,
read is de kleur fan ’t bertebloed.
Nij libben út skurte wei
giet op yn ’t memmehert,
it iene yn it oare:
’t bestean as nije ienheid,
gjin bertebloed, mar leafdesfjoer,
de rûne foarmen gloeie mei.
* Marc Chagall (1887-1985)
Skilderij ‘It barren’
Brûnzen byld ‘Mem en bern’
september 8, 2021
fan ûnbekend*
Jesaja
Fan Israel bin Ik de Hear,
de earste en de lêste,
der is gjin oare God as Ik,
dy’t witte litten hat
wat yn de takomst barre sil,
foar myn getugen is it klear.
Klear binne net de lju fan neat
dy’t goadebylden houwe,
sa’n ôfgodsbyld jout net in kik,
wat hat men dêr dan oan?
Wa’t hinget oan sa’n nuver ding,
is troch himsels ta skande keard.
De snijer fan it sederhout
brûkt foar it byld de helte,
de rest jout waarmte, dus de fik
dêryn, wat hat men oan
sa’n byld fan dat materiaal?
De snijer hat dêrop fertroud.
As hy syn heil yn branhout sjocht,
dan is syn hert betize
en wurdt er op ’e doele brocht.
Yllustraasje ‘Fjoer’