Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Sabeldûns yn werhelling

Keunst

fan Jean-Léon Gérôme*

Sy koe yn alle bochten,
linigens wie har op ’t lichem skreaun,
mar ’t skriuwen lei har minder,
dat gjin streek kaam op it blêd,
sy die wat manlju by har sochten.

Gjin swurd, mar wol in sabel,
want dat wapen makke ek in bocht,
wat naadleas by har paste:
sy en sabel op ien bêd,
foar manlju wie soks formidabel.

Twa sabels, op ’e holle
ien, de oare yn de rjochterhân,
sa hold sy ’t krekte lykwicht,
stadich dûnsjend, mar ek rêd,
foar manlju die sy neat tefolle.

Sy seagen, fantasearren
mei har eigen sabel troch de rôk,
belibben sa har bleate
dûns op ien en ’t selde bêd…
de manlju ha de dûns wurdearre.

* Jean-Léon Gérôme (1824-1904)
Skilderij ‘Sabeldûns yn in kafee’


admin

Babels dochter

Bibelbylden

fan ûnbekend*
Jesaja

Jongfaam, do dochter Babel,
gean nei ûnderen, de troan bydel
en lit dy sakje op ’e grûn,
do bist net langer yn de geunst,
de wierheid klinkt no ienkear skel.

Begjin te meallen mei de
mole, doch foarwei de wale, til
de sleep op, want sa rekkest bleat,
dyn neakenens komt oan it ljocht,
troch skoof en skande wurdsto stil.

Gean sitten, krûp yn ’t tsjuster
wei, dyn keninklike namme giet
ferlern, do hast myn útkard folk
mishannele, de âlderein
fernaam dyn jok mei djip fertriet.

Wol harkje, wiif yn wielde,
soargeleas sitsto noch op ’e troan,
mar widdo wurdst en boppedat
silst al dyn bern net langer sjen,
dat dyn ellinde komt deroan.

* Foto ‘Yn ellinde’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum