november 12, 2021
fan Henry Fuseli*
Theiresias seach om him hinne,
nijsgjirrich as er altyd wie
nei wat yn Thebe barde;
mei te sjen joech hy de rie:
‘Der is in wrâld te winnen.’
Hy wie nijsgjirrich nei goadinnen,
hoe’t sy har klaaiden, ek wannear’t
sy yn it neaken stiene;
’t gie doe op ’e kop ferkeard…
Athena as freondinne?
Wol nee, Athena stie fier boppe
Theiresias, al wie sy bleat;
hy moast syn sicht belije,
seach mei ’t swart foar eagen neat…
koe hy it noch fier skoppe?
Wis wol, want hy waard kompensearre
troch Zeus, yn plak fan sicht soe hy
de spraak as nije jefte krije:
as profeet brocht hy ’t folk by
wat oan ’t bestean mankearre.
* Henry Fuseli (1741-1825)
Skilderij ‘Theiresias fertelt de takomst
oan Odysseus’
november 11, 2021
fan Albrecht Dürer*
It binne bleate fuotten,
want sa komt de tsjinstfeint
nei syn Hear,
op knibbels sprekt er him frijút:
‘Myn bêst ha ’k dien… bin ik no klear?’
Hy hat der net om lotte,
mar waard ier al roppen
troch syn Hear:
‘Foar My giesto de rjochting út
fan kom om ’t eigen bêstwil gear.’
Se ha him earst bespotte
om syn bleate fuotten,
wat die sear,
mar ’t eigen bêstwil, ta beslút,
lei yn ’t ferlingde fan de Hear.
Op syn bleate fuotten
en mei bûgde holle
jout er ear
oan God, hy sprekt it dúdlik út:
‘It gie ek om myn bêstwil, Hear.’
* Albrecht Dürer (1471-1528)
Stúdzje ‘Fuotten fan in knibbeljende apostel’
Stúdzje ‘Holle fan in apostel’