Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Net en wol sizze

Bibelbylden

fan Abraham Bloemaert*
Jesaja

Dit hat de Hear te sizzen
tsjin it folk dat harkje wol
nei rjocht en dat ek docht:
‘It heil rint stadich fol.’

De frjemdling moat net sizze:
‘Fan dat folk stean ik apart,
hoewol’t ik doch ek rjocht
oan wa’t it minder hat.’

Him hat de Hear te sizzen:
‘Ast dy hâldst oan myn ferbûn,
dan krijst fan My it rjocht
te libjen like sûn.’

De eunuch moat net sizze:
‘Wat ha ik oan in dream
dy’t nea foar ’t deiljocht kaam?
Ik as útdrûge beam.’

Him hat de Hear te sizzen:
‘Bisto ree om rjocht te dwaan,
dan sil Ik dy de ear,
in earenamme jaan.’

* Abraham Bloemaert (1566-1651)
Skilderij ‘De doop fan in eunuch’

admin

Tomyris

Mytebylden

fan Peter Paul Rubens*

Tomyris, keninginne
fan de Massageten,
kriichsfolk dat der wêze mocht,
wie like moedich as har leger,
fan foarst Kyros soe sy ’t winne.

Mar Kyros wûn de earste
slach, de Massageten
waarden dronken troch in list
en koene maklik deade wurde,
’t spiet Tomyris ’t aldermeaste…

… om Spargapises, finzen
nommen troch it leger
fan de fijân, dy’t himsels
tekoart die, troch har deade soan gie
mem Tomyris oer de grinzen…

… om har mei bloed te wreken,
neat wie har tefolle,
want de holle fan de foarst
kaam yn in skaal mei bloed telâne,
foar de fijân in faai teken.

* Peter Paul Rubens (1577-1640)
Skilderij ‘De holle fan Kyros
yn in skaal mei bloed’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum