januari 17, 2022
De iene stekt de kop omheech,
de oare giet syn eigen gong
en hat gjin lêst fan frjemde eagen.
De iene hâldt mei ’t moarnsmiel op,
de oar giet ûnfersteurber troch,
nea ha him frjemde eagen pleage.
De iene is altiten wach,
de oare jout him rêstich del,
al wurdt der om him hinne reage.
Dy oare is de minske wend,
dy iene sjocht him leaver gean
as stean, is bang foar frjemde eagen.
De iene hat wat fan in ree,
de oare liket op in skiep,
wat minskekenners al lang seagen.
januari 16, 2022
fan ûnbekend*
fan Diego Rivera**
Rockefeller wie it foarbyld
fan hiel ’t Amerikaanske folk,
dus stie hy yn it sintrum,
moast mear folk om him hinne ha
as inkeld út Amearika.
Diego mocht de minsken bringe
út alle parten fan de wrâld
nei ’t sintrum op ’e muorre,
in kleurich selskip fan komsa
ta eare fan Amearika.
Lenin lykwols wie gjin foarbyld,
in mislediging foar ’t folk
yn ’t sintrum fan de ierde,
dus gie it op fernieling ta
yn opdracht fan Amearika.
* Foto ‘Diego Rivera’
** Muorreskildering op Rockefeller Centre’