Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Stoarm as boal

Lyrysk Deiboek

As ’t giet om deade dingen
dy’t rekke wurde troch de stoarm,
wa sit dêroer yn noed,
wa slacht dan grut alarm?

In peal kin it net hâlde,
bûcht foar de stoarm de ljochte kop,
wa sit dêroer yn noed?
It skinen hâldt net op.

Sjedêr it hurde plestik,
it is ferjamme in dug-out,
dan streamt it spilersbloed
net mear, it sit goed fout.

It giet om  ’t hiele libben:
kondysje, hannel, spul en goal,
as ’t moat ek eigen bloed,
de stoarm slacht op foar boal.

admin

Gestapo

Skiednisbylden

fan ûnbekend*

It moast earst barre yn ’t geheim
troch de plysje fan de steat,
dy’t neat ha moast fan folk
dat him fan eigen ûnderskiede,
grien wie goed, mar read ferkeard.

Gestapo lei yn it gehoar,
mar ‘Geheime Polizei’
en dan noch fan de steat
moast earst wol ta betizing liede:
neare nacht en ljochtskyndei.

De dei wie foar it eigen folk,
arysk, dus mei suver bloed,
de neare nacht kaam troch
de oaren, want dy koene oars net
biede as in lêste groet.

Geheim bleau de Gestapo net:
Joaden, homo’s, Roma ha
oan ’t lichem ûnderfûn
wat Hiters plysjefolk te bieden
hie, it rûn nei bloedread ta.

* Foto ‘Gestapo’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum