maart 25, 2022
Himmeldei op it Spoardok
op seisentweintich maart,
oanfang om tsien oere,
mei de kano’s ’t wetter op…
wy meitsje ús ûntspannend drok.
Us Spoardok is net sa djip,
hat folle djipper west;
foar’t der treinen rieden,
smieten se de spoardyk op…
yn ’t dok koe farre mannich skip.
Skippen koene der net yn
of út, mar kano’s wol;
pak de peddel foar de
gong en pak de rotsoai op…
wy meitsje skjin by sinneskyn.
maart 24, 2022
fan Frans Snijders*
Swartsturt Rudolf hie ’t foarsjoen
op it territoarium fan Oege,
dy’t it dwaan moast mei in wite sturt
en minder yn syn fearren siet,
hy woe lykwols de kop net bûge.
Rudolf foel mei faasje oan,
sadat al syn foarste fearren sloegen
hinne wer, guon fleagen troch de loft
en rekken Oege yn it each,
hy woe lykwols de kop net bûge.
Sjoch Eugenia dêr stean,
fan de striid is sy de neiste tsjûge,
mar sy bliuwt op ôfstân op ’e bak
en leit foar Oeges striid in aai,
dat hy de kop net hoecht te bûgen.
Fearren fleagen yn it rûn,
sadat Oeges wjukken minder woegen
as foarhinne, Rudolf kraaide lûd,
mar ta fiktoarje kaam it net,
want Oege soe de kop net bûge.
* Frans Snijders (1579-1657)
Skilderij ‘Fjochtsjende hoannen’