Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Oeges striid

Keunst

fan Frans Snijders*

Swartsturt Rudolf hie ’t foarsjoen
op it territoarium fan Oege,
dy’t it dwaan moast mei in wite sturt
en minder yn syn fearren siet,
hy woe lykwols de kop net bûge.

Rudolf foel mei faasje oan,
sadat al syn foarste fearren sloegen
hinne wer, guon fleagen troch de loft
en rekken Oege yn it each,
hy woe lykwols de kop net bûge.

Sjoch Eugenia dêr stean,
fan de striid is sy de neiste tsjûge,
mar sy bliuwt op ôfstân op ’e bak
en leit foar Oeges striid in aai,
dat hy de kop net hoecht te bûgen.

Fearren fleagen yn it rûn,
sadat Oeges wjukken minder woegen
as foarhinne, Rudolf kraaide lûd,
mar ta fiktoarje kaam it net,
want Oege soe de kop net bûge.

* Frans Snijders (1579-1657)
Skilderij ‘Fjochtsjende hoannen’  

admin

Eigenmakke goaden

Bibelbylden

fan ûnbekend*
Jeremia

’t Is net te leauwen,
mar it is wol stjerrend wier:
yn Israel wurdt sein
tsjin hout en stien:
‘Jim binne heit en mem!’
Dus God de Heit is foar de sier.

’t Is net te leauwen:
jim ha Him de rêch takeard
yn plak fan it gesicht,
mar sitte jim
troch eigen skuld yn noed,
dan binne rollen krekt omkeard.

Wêr binne jimme
eigenmakke goaden dan?
Lit dy mar komme om
te helpen, want
de stêden yn jim lân
ferkeare fan har yn de ban.

* Foto ‘Ofgoaden’


Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum