april 1, 2022
Wêr fiert it spoar ús hinne
op de earste fan april
yn in wrâld sniewyt bedutsen
mei de fierte út it sicht…
hoe lang bliuwt it noch stil?
De wolken foar de sinne
bliuwe hingjen, ’t jout gjin baat
om te tinken oan de simmer,
want dy is noch út it sicht…
hoe komt it mei ’t klimaat?
It spoar fiert nei de fierte,
mar dêr bliuwt it stjerrend stil,
tichtby wurde wy oanlutsen
troch de bloei dy’t komt yn sicht
foar’t folk fan goede wil.
maart 31, 2022
fan Jan Kooistra*
It barde op de sechde dei,
de dei dy’t rûn nei it folsleine,
mar noch net folmakke wie,
dat libbensread de ierde kleure.
De dieren kamen út ’e klaai
en namen dêrút mei de seine
fan de ierde: streamend bloed
troch hert en alle ieren hinne.
De minske riisde hegerop,
mar kaam ek út ’e reade ierde,
dy’t syn bloed fluch streame liet…
wat wie der noch foar him te winnen?
Hy rikt noch nei de heechste top,
los fan de ierde, sadat bliede
al syn bruorren op ’e grûn
dy’t earder klear it libben kleure.
* Jan Kooistra (1950-2021)
Skilderij ‘De sechde dei fan de skepping’