Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Ierdske fûgels

Lyrysk Deiboek

Ien fûgel kin de boade wurde
fan feroaring fan ’t klimaat,
de oare skûlje op ’e grûn,
bang foar de leechte fan it Waad.

Sil dan gjinien de see befarre
dy’t oerstreamt de fêste grûn,
sadat it skûlplak ûnderstrûpt…
wa is noch oan de ierde bûn?

It binne dan de trije fûgels
mei it aard fan rustfrij stiel
en op ’e wjukslach fan de hoop…
sy nimme oan de takomst diel.

admin

Katte-eagen

Skiednisbylden

fan ûnbekend*
fan ûnbekend**

Percy hie ’t mei skoalle hân,
seach nei de kat, nachts ûnderweis
om syn gerak te krijen,
deis joech hy him rêstich del,
dy beide libben mei ferstân.

Percy wie nachts ek op wei,
mar katte-eagen hie er net,
wol seach er dy ynienen
op in stek yn ’t lampeljocht,
hy tocht oer dy refleksje nei.

Hy betocht in katte-each
dat hold de auto’s op ’e dyk
troch ’t ljocht te reflektearjen;
Percy koe syn slach doe slaan,
om’t yn dat each it folk wat seach.

* Foto ‘Percy Shaw’
** Foto ‘Katte-each’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum