Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Stikstof

Lyrysk Deiboek

De koppen bûgd, de jaren leech,
se ha krekt miigd en skiten,
fiele oan wat letter komme kin,
neat is har te ferwiten.

De ploech wie earst noch net sa grut,
it rûn dêrnei nei tachtich,
mar it wie de baas noch net nei ’t sin,
him waard it net te machtich.

De bekken rinne oer fan stof
om oeren oer te praten,
stikke foar syn tiid wol net in bist,
elk hat it yn de gaten…

… hoe oft it lân derhinne leit
mei Ingelsk raai en stikel,
stikke kinne flinter en ynsekt,
gjin wrotmûs en gjin wikel…

… begjinne mear oan neigeslacht,
ta stof wurdt wa’t jong stjerre,
stikken giet wat net mear groeie kin…
wurdt bloei noch wol wurdearre?

De koppen bûgd, de jaren leech,
wat kinne sy ferwachtsje?
Frette, skite, mige ha gjin sin,
de slachter sil har slachtsje.


admin

Colossus

Skiednisbylden

fan ûnbekend*
fan ûnbekend**

Sjoch him wiidskonkich stean:
Colossus, ’t kolossale byld,
dat opnimt wa’t der ûndertroch giet,
neat bliuwt foar him ferburgen,
hy is wach fan top oant tean.

Gjin fijân seach him stean:
Colossus, de kompjûter dy’t
berjochten opnaam yn de oarloch,
neat bleau foar him ferburgen…
as ’t each fan fûgel Earn.

Colossus’ each siet yn
’t systeem fan elektroanika,
hy koe dêrmei de koade kreakje
fan wat de Dútsers stjoerden,
mar dat is al jierren lyn.

Colossus’ each sit hjoed
ferburgen yn de satellyt
dy’t Oekraïne helpt tsjin Ruslân,
lyts lantsje tsjin Colossus,
kolossaal ferjit ek bloed.

* Yllustraasje ‘Colossus op Rhodos’
* Foto ‘Colossus de kompjûter’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum