juni 19, 2022
fan ûnbekend*
Wat docht men mei tirannen
dy’t gjin acht slaan op ’t bestean
fan ’t eigen folk en folken,
oer morele grinzen gean?
Wa’t moed ha, smeie plannen
mei as doel de ein fan him
mei bloed oan alle fingers,
dan heart nimmen mear syn stim.
Dy stim dy’t rôp en raasde,
mei in hâlding stiif en steil
koe hy it fjoer oanstekke,
rûnom klonk doe it ‘Sieg heil’.
Von Stauffenberg is kommen
mei twa bommen yn de tas,
ien kaam der ta ûntploffing,
mar gjin finger rekke los.
Wat docht men mei de dieder
dy’t it mis hat mei ’t geweld
dat boargers deadlik rekket…
wa is ’t dy’t him hjoed noch meldt?
* Foto ‘Nei de oanslach’
juni 18, 2022
fan Maurycy Gottlieb*
Jeremia
Wa is ferstannich en wa wiis?
Net de skriuwers mei har ligerspinne,
dy’t de Wet ta leagen makke ha;
de wize mannen stean beskamme,
want har wiisheid is der mar op ta,
dus foar de Hear in griis.
Wat sille sy de Heare jaan?
As Hy komt, dan hingje der gjin druven
oan de wynstôk en gjin figen
oan de beam, it blêd is sels ferwile,
dat dit folk hat it by Him bedoarn,
de fijân krijt frij baan.
Wat is de Heare dan fan doel?
As de fijân komt, dan nimt dy harren
froulju, tagelyk har stikken lân;
myn folk hat him net skamme foar syn
dwaan, ’t wit fan gjin wiisheid en ferstân,
wat by de Hear min foel.
* Maurycy Gottlieb (1856-1879)
Skilderij ‘Toara-skriftgelearde’