Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Kremlins delgong

Keunst

fan Carl Friedrich Baudry*

Ferkundigje it opstean
fan Kristus yn de katedraal,
de iuwen troch in klear ikoan
foar ’t folk dat syn wei folget
fan it libben nei de dea,
hjoed jildt foar elke Rus:
lang libje Kristus… ús ferhaal!

Ferkundigje it opstean
fan Poetin yn de katedraal
fan ’t Kremlin, hy is Kristus’ soan,
dy’t eigen wegen folget
fan it libben nei de dea,
hjoed jildt foar elke Rus:
lang libje Poetin… ús ferhaal!

Ferkundigje de delgong
fan Ruslân yn it kriichsgeweld,
dat gatten sjit yn it ikoan
fan ’t folk fan Oekraïne,
dat de dea fielt oan de lea,
it wint it fan de Rus,
omdat it opstiet… dat fertelt.

* Carl Friedrich Baudry (1812-1894)
Skilderij ‘Prosesje by de Ferkundigingskatedraal
yn it Kremlin fan Moskou’

admin

Tonge as wapen

Bibelbylden

fan ûnbekend*
Jeremia

As profeet brûk ik de tonge
om te sizzen wat de wierheid is,
dy’t de Hear my witte lit,
sa binne al myn wurden wis.

Ek it folk brûkt faak de tonge,
mar dy komt net foar de wierheid út,
wat de Hear my witte lit,
wêr’t ik myn earen net foar slút.

Wurden dy’t ûnearlik binne,
kringe yn de earen mei bedroch,
lige sels de maten foar…
wêr fynt men dan de wierheid noch?

As in pylk wurdt dan de tonge,
as in deadlik wapen foar de oar,
dat grif útrint op geweld,
de wierheid giet folslein teloar.

Koe ik mar in swalkershutte
fine fier by dizze ligers wei,
nei’t ik har de wierheid sein
hie, goed wie as profeet myn dei.

* Foto ‘Tonge as wapen’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum