augustus 26, 2022
fan ûnbekend*
De Xhosa binne wol wat wend
dêr oan de kust fan Afrika,
sy wenje hjir fan âlde tiden ôf,
dat elke muorre is bekend.
De muorren keare weagen op;
oanrôljend oer de oseaan
bespringe sy de hoeders fan de kust,
de iuwen troch klinkt harren rop:
‘Wy batse der fûleinich yn
en frette stien nei stien derút,
dat wy it libben weagje, is ús lust,
as freon ha wy de hurde wyn.’
Sa is it grutte gat ûntstien,
de poarte nei de Xhosa ta,
de herje fan de baren weaget oan,
mar ’t kustfolk rekket net ûntdien.
* Foto ‘Gat yn de muorre’
augustus 25, 2022
fan Francisco de Goya*
Tusken him en har is noch in tou,
foar him ferbining mei in heks,
foar har is gjin ûntkommen oan
wat foar har leit, sy is al skieden
fan ’t bestean, har eks.
Sy bestie, dus wie se dêroan trou,
de man liet har allinnich stean,
sa kaam sy ek net oan in soan
dy’t mem seach as in skat op ierde
om foar har te gean.
Dat gjinien seach har mear as in frou
dy’t noch de muoite wurdich wie
om troch te gean oant oaremoarn…
wat hie har libben noch te bieden
as dat sy bestie?
* Francisco de Goya (1746-1828)
Skilderij ‘Terjochtstelling fan in heks’