augustus 29, 2022
Hoe kin it dat er dêr noch stiet,
gjin tûken hat er om it liif,
lit stean fan deade blêden,
griene songen earder noch it liet
fan hjir stean ik as stam,
útrinnend op ferskate mêden.
Hy striele út de krêft fan wa
hat mear om ’t hege liif as my,
dy’t boppedat nei boppen
rikt om sicht op elkenien te ha,
mei help fan in foech stoarm
koe hy it allerfierste roppe.
Al jierren giet hy troch foar stom,
op stjerren nei is hy al dea,
syn grutskens is ferdylge,
want gjinien sjocht nei him om, hoewol…
soms kreaket noch de stam:
‘Ik bin jaloersk op stobbewylgen.’
augustus 28, 2022
fan ûnbekend*
Twa binne oan it smoken,
mar de tredde hat de hannen gear,
sjocht streekrjocht foar him út,
hy spilet poker, giet foar mear.
Lit Roosevelt of Churchill
ta dat moardners krije harren sin?
Nee, Churchill slút soks út
en Roosevelt fynt moardzjen min.
Mar sjoch nei Stalins hannen
dy’t gjin earbied ha foar minskebloed,
tsien fingers wiene út
yn Oekraïne op in floed…
… dy’t weage oer de fjilden,
krong djip yn de grûn, de minskesiel
koe net oer ’t lijen út,
te witen oan in fint fan stiel.
Noch wurdt der poker spile
op itselde eilân, sjoch de Krim
dêr’t Poetin liet him út,
al like wreed as wie er him.
* Foto ‘Konferinsje fan Jalta yn 1945’