maart 20, 2023
Har bestean ferrint swart-wyt:
sy sjocht it swart yn
as it winter is
mei koarte dagen,
lange nachten, kâns
foar ’t lizzen is der net,
se kin har aai net kwyt.
Mar wannear’t it maitiid wurdt,
sjocht sy it ljocht yn
alles wat der komt:
de lange dagen,
koarte nachten, kâns
foar’t lizzen fan in aai,
sy fielt it oan de sturt.
Har ferrek klinkt skril en fier,
want wyt wurdt troch de
snie ynienen swart
as wie it winter,
fearren, út balâns,
fertelle har net mear
swart-wyt de tiid fan ’t jier.
maart 19, 2023
fan ûnbekend*
De sinne lit neat nijs mear sjen,
want wat de iuwen troch sa west hat,
wurdt trochlutsen nei it no:
de berte fan in bern, de dea fan minsken
yn de bloei, de wierheid, soms in show.
Nim Stalin, fan de macht in fan
oant hy dy gripe koe, troch alles
hinne waard it werklikheid,
gjin minske koe syn solo-stribjen keare,
foar de show wie hy de sterke heit.
De heit dy’t hearske oer syn bern,
in macht dy’t troch de jierren hinne
net ferneare koe dat wa
dan ek de sinne yn syn wetter skinen
seach, sa’n minske moast de deastraf ha.
Mar net planút, want in proses
joech oan, it hie net om ’e nocht west,
want de rjochter spriek it ho
út foar de minske mei tefolle winsken…
solo-macht feroare yn in show.
* Yllustraasje ‘Heity Stalin’