oktober 2, 2016
![]() |
![]() |
![]() |
Wy ynhalearje elke dei it rikjend jeien troch de tiid: de moarns it opgean fan de bern as sinne mei de wolk op wei fan ljocht nei skaad en wer werom, gjin fiif minuten gean ferlern; de middeis op it hichtepunt fan ’t draaiend ekonomedom bestjoert it kapitaal de wrâld, dat tiid is jild yn kleare munt; de jûns as ’t ljocht de siken jout, dan ljochtsje alle skermen op mei bylden, fiif sekonden âld, dan stjerrend, mei dy dea fertroud; en nachts foar pampus, yn de sûs, bedreame wy wol mannichfâld de dei mei bylden, jild en bern en moarn begjint deselde rûs. |
oktober 2, 2016
![]() |
![]() |
![]() |
Dêr stean ik dan yn ’t sintrum fan de wrâld en heger as it wetter en it lân op ’t stielen roaster fan de útsichttoer, dit simmerôfskie lit de lea net kâld. Nei ’t hege noarden giet de linkerhân: De rjochterfoet stapt nei it easten ta: It suden freget om de rjochterhân: De linkerfoet bliuwt foar it westen oer: |