juni 18, 2023
fan C. Ruf*
Ien fan de tsien,
hy wie de âldste fan de bern
dy’t yn earmoed libje moasten,
op it ynternaat mei seis
liet hy syn fûsten soms ek sjen.
Mar faker liet er sjen syn nocht
oan taal, de wille oan ’t ferhaal
hold him lang yn de besnijing,
want syn geast gie dan op reis,
syn fantasy rap oan de haal.
Syn fantasy oer Odysseus
brocht him werom nei ’t heitelân:
Dublin as kontrast mei myten,
gjin belibbing ûnderweis,
oars hie de Grykske held it hân.
Ien fan de twa,
mei Nora liet James Joyce him gean,
skreau syn driuw nei seks yn brieven,
minsken binne geast en fleis,
sa reizget er troch it bestean.
* Foto ‘James Joyce’
juni 17, 2023
fan Lucas Cranach de Aldere*
Ik, Ezechiël, wie balling
by de Eufraat oan ’t kanaal
fan Kebar, doe’t in stoarm opstiek
mei wjerljocht út it noarden wei,
ik seach it, byldzjend wie ’t ferhaal.
’k Seach in fjoer en yn de midden
wie in gloede as metaal
dat blonk, dêr middenyn waard ik
wol fjouwer wêzens klear gewaar,
ik seach it, byldzjend wie ’t ferhaal.
Earn en okse, liuw en minske
sprieken sûnder minsketaal
mei wjukken, skonken, hannen én
gesichten, ’t gie rjochtút-rjochtoan,
ik seach it, byldzjend wie ’t ferhaal.
’k Seach ek fjouwer blauwe tsjillen
rôljend gie it oan de haal
mei okse, earn en minske, liuw,
wêr’t harren geast mar hinne woe,
ik seach it, byldzjend wie ’t ferhaal.
In ferwulft ferskynde boppe
mei in gloede as metaal,
in stim klonk klear út it ferwulft,
sa liet de Hear him hearre, sjen,
ik seach en hearde syn ferhaal.
* Lucas Cranach de Aldere (1472-1552)
Skilderij ‘Ezechiëls fisioen’