juni 26, 2023
Noch kleurje pompeblêden read
en tsjûget wyt-blau fan de mar
dy’t middeis blonk yn ’t sinneljocht,
de rige rûn massaal rûnom
yn Snits syn maraton.
Mar rint de middei nei de jûn,
dan is de inkeling oan bar
dy’t siket nei syn eigen grins
mei op ’e lippen ’t wurge skom…
de rappe maraton.
Hy draaft allinnich as wie ’t neat,
want oant de boaiem is syn kar,
de hân omheech foar mar ien fan,
want fierder bliuwt it rûnom stom…
syn stille maraton.
Mar oan de ein hat hy oerwûn
syn wurgens, al wie ’t fierste bar
om oer de eigen grins te gean,
dochs bliuwt foar him oerein de rom
nei Snits syn maraton.
juni 25, 2023
fan ûnbekend*
Koloradokever…
de namme klinkt as yn in liet,
de kleuren blinke as in skilderij,
it bistke docht him foar
as tsjinner fan ús Leave Hear,
mar jou him net dy ear.
Hy wenne yn Amearika,
friet dêr it fjild mei jirpelplanten keal
en emigrearre nei
Europa, dêr’t syn miel al klear
wie, mar net ta syn ear.
Syn miel, bestruid mei DDT,
wie oars as earder yn Amearika,
it smakke nei de dea,
de jirpels smakken doe nei mear,
dochs kaam der wer in kear.
Want DDT krong oeral yn,
it gif kaam ek yn ’t miel fan dier en mins,
wie skealik foar ’t miljeu,
it tsjinne net ús Leave Hear,
men wie der doe mei klear.
De koloradokever kriich
de ear fan foarbyld fan de dea troch gif,
dus brûkt men dat net mear.
* Foto ‘Koloradokever’