juli 2, 2023
fan ûnbekend*
fan ûnbekend**
De Russen en de Finnen
rekken yn in fûle striid,
reus Goliat en David,
middenyn de wintertiid.
Wol fjouwer kear safolle
Russen stjitten op ferset
fan Finnen mei rindieren,
fan ek skys wie grut ferlet.
Twahûndert kear safolle
tanks, wat koene dy tsjin skys?
Skys woene better glide,
mar de kimen eagen griis…
… fan oermacht fan de Russen,
fleanmasines kamen oer,
wol achtentrichtichhûndert,
hûnderttritich dêr foaroer.
De Finnen hisen flaggen
as symboal fan harren moed
as David, Goliat wûn,
mar ferlear it measte bloed.
* Foto ‘Striid op skys en mei rindieren’
** Foto ‘Flagge as symboal fan moed’
juli 1, 2023
fan ûnbekend*
Warskôge wie ik troch de Heare,
mar ik wist net wat te dwaan,
hoe kaam ik libben wer oerein
en koe al it ferkearde keare?
In hân fernaam ik, ’t wie de Heare
dy’t my wat te sizzen hie:
‘Oerein, profeet, de delling yn,
dêr sil Ik dy watst dwaan moatst leare.’
Ik seach de gloarje fan de Heare
yn de delling en foel del,
in geast yn my holp my oerein:
‘Do moatst dyn ear nei boppen keare.’
Ik hearde doe de Heare sizzen:
‘Slút dy yn dyn wente op,
dêr wurdsto stiif mei bannen bûn,
bliuwst sûnder oanspraak machtleas lizzen.’
Myn tonge koe ’k net mear bewege,
mar doe spriek de Hear my oan:
‘Dyn mûle sit net mear op slot,
sprek oan it folk op al syn wegen.’
* Foto ‘Hân út ’e hichte’