juli 6, 2023
fan Pier Pander*
Hy hie gefoel foar hannen,
bylde dy gefoelich út:
‘Hjir stean ik sa’t ik folút bin,
mar sûnder op mysels te wizen
as wie ik de keningin.’
Sy is gjin proai fan mannen,
inkeld op har lichem út;
’t gefoel sit yn it inerlik,
dêr’t sprekke fan de hûd en hannen,
oars as mei it strjitwurd ‘fuck’.
Syn geast spriek mei gefoelens
oer de hannen fan de frou;
syn eigen hannen koene net
mear sels it byld yn oansjen bringe,
oaren hawwe dêrmei ret.
* Pier Pander (1864-1919)
Byld ‘Gefoel’
juli 5, 2023
fan ûnbekend*
Ezechiël
Minskesoan, nim farske klaai
en meitsje dêr in tegel fan,
tekenje Jeruzalem dêrop
mei skâns en legerkampen
as it teken fan belegering;
in bakplaat sil in muorre wêze
hurd as izer tusken My en ’t folk,
kear dyn gesicht dan nei de stêd,
in stêd fan rampen.
Minskesoan, jou dy dan del
en draach de ûngerjochtichheid
fan de minsken yn hiel Israel
– de jierren wurde dagen –
op ’e linkerside silst dat dwaan,
kear dy dan om, de rjochterside
stelt it ûnrjocht fan hiel Juda foar;
sa sil myn folk de swierte fan
de rampen drage.
Yllustraasje ‘Klaaitegel’