Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Glutenallergy

Skiednisbylden

fan ûnbekend*

De Dútsers dy’t ús lân besetten,
namen weet en rogge yn beslach,
wat guon pasjinten better makke.

De dokters stiene foar in riedsel:
hiene de besetters sa’n gesach
dat dieven har genêze koene?

It riedsel wie om op te lossen:
weet en rogge sitte gluten yn,
dêr’t minsken siik fan wurde kinne.

Dus wa’t allergysk is foar gluten,
giet syn hiele libben op dieet,
sa kin er ’t fan syn sykte winne.

De Dútsers dy’t ús lân besetten,
lieten sa de wittenskip in slach
slaan, foar pasjinten koe ’t net better.

* Yllustraasje ‘Glutenallergy’

admin

Bargebongel-spul

Keunst

fan Barent Fabritius

Hy hinget mei de snút
deunby de tegelflier,
de rêch rêst op in ljedder,
it libben is derút.

Sy wiene dêr ek by
en seagen ’t slachtsjen oan
as wie it neat bysûnders,
foar harren wie ’t net nij.

Folwoeksen wie it bern,
sa waard it doe besjoen,
alhiel net as in wûnder,
men moast him net ûntsjen.

Snotbongels wiene ’t wol,
dy’t bargen ûnder ’t miel
en boarten mei de bongel,
dêr rekken se fan fol.

* Barent Fabritius (1624-1673)
Skilderij ‘Slachte baarch’

 

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum