Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Untmoedigingsbelied

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Hy wie in stûfe smoker,
want as liuw wie hy model
yn ’t lân fan ien foarop en dan it stel,
it is gjin hin dy’t net roke kin,
wa’t net rikket, stiet foar joker.

In oare perioade
stjoerde nei ûntmoediging,
de sigaret gie troch foar kankerding,
it is in spin dy’t soks litte kin,
wa’t noch rookt is út ‘e moade.

Mei wyt en ek in wyske
kaam men fan ferslaving ôf,
de liuw seach doe fan argewaasje blau,
want as in bist fan sjedêr, sa is ’t,
koed er nearne kwyt de jiske.

Image

admin

Spjocht

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Der siet net folle fleis en kleur oan,
dat se gie de dagen troch as spjocht,
it famke dat foaroer hong tsjin de wyn,
derûnder troch, wat har it fierste brocht,
nea hakke sy der by in oar op yn.

Image

It libben wie net folle fleur oan,
dat se socht it yn ’t bestjurre byld
fan kitsch en keunst, de fûgel foel net ôf,
se hat it as de earste sydwyn field,
mar foar it hakjen wie it noch te gau.

De bloei fan lea en geast wie har wol
oan te sjen doe’t sy it fierder brocht
as dy’t har ûnderbrochten yn it skift
fan ’t fûgelguod, mar sjoch de kleurespjocht,
dy’t hakket foar it libben, net fan drift.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum