Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Modder

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

De âlde stam sjocht it wer oan
hoe’t hjoed de modder boppe komt
lykas yn earder tiden,
doe hie it lûd in oare toan
as no de trekker bromt.

De blêden rûzje fan ‘e moarn:
‘In nije tiid foar noch mear grien,
wat hat dit ús te bieden?’

De âlde stam heart noch it lûd
dat bromde út it westen wei
om fierderop te striden,
mei ’t fleanend fort kaam ’t doe net goed,
it waard syn lêste dei.

De blêden rûzje oer de gloed,
de modder yn it bloeiend grien
en twang yn earder tiden.

Image

admin

Op jacht nei fleis

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
It is mar wêr’t in man foar kiest,
foar greide of foar wetter,
mei de hân of mei ’t gewear,
hy is der rap mei klear,
mar ’t bist ferliest.

Image

Hy stiet der oant de kont ta yn,
syn fak, hy wit net better
as de gravers moatte dea
fanwege polderskea
troch ’t wetterkrnyn.

Mar praat him net fan rottefleis,
dan is er leaver
yn de greide ûnderweis.

De jager stiet yn ’t hege gers
en wachtet oant wat letter
as de boer it lân út is:
in skot en ’t stomme bist
hat wis der west.

It praat giet dan oer kowefleis
en oer de jager,
dy’t mei gauwens wie op reis.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum