Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Dissidint

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Wa’t it oandoart, is in fint,
allinnich stean yn it bestean,
dwers tsjin de kliber yn te gean,
sjedêr de dissidint.

Image

Smoarhjit is ’t yn Aldegea,
dêr’t swarten falle fan it dak,
ek swarten nimme har gemak,
gjin libben yn de lea.

Allegearre mei de kop
nei foaren, keppel yn it swart,
gjinien dy’t mei it grien wat hat,
de enerzjy is op.

Oer de kop en rêch berint
it brún de greide stap foar stap,
gjin each en ear foar hiel dy hap,
sjoch hjir de dissidint.Image

admin

Nei Snits

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Sy buorken dêr tegearre,
hy mei skiep en kij
en sy mear mei de mûle,
want dy hearde der ek by
mei laitsjen en mei gûlen.

In foarhûs mei in skuorre
wie doe wol genôch
foar ’t fee en trije soannen,
harren oantrún wie omdôch,
gjin soan woe boarne.

Noch jierren ha se wenne
sûnder skiep en kij,
mar sy wol mei de mûle,
yn it praat noch like rij:
‘It moat straks wenne.’

Image

Gjin klok heart sy mear lieden
yn ’t appartemint
op trije kilometer,
mar de fraach is oft it went:
‘Jawis, ’t wut beter.’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum