Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Hjerstsied

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Wa’t sieddet yn de goede tiid,
sil rispje straks in slompe sied.

Image

De stâle stiet noch like rjocht
as yn de maitiid mei de blom
en hjerstmis sjocht er sels noch ljocht
yn siedzjen, mar de bol is krom
en ’t ripen hat syn skynsel brocht.

De stâlen binne net te sjen,
want hiel it plak is foar de hoed,
dy’t yn it rûn syn maten ken,
noch wyt, mar elk wurdt swart as roet,
gjin spoar giet yn de hjerst ferlern.

Image

admin

Brobbelpraat

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Sil de hichte it wer winne
fan ’t gemaal mei mankemint?
It Wetterskip is soks net wend,
dat lit syn wetter rinne.

Image

’t Wetter kobbe op ‘e holle
as de brobbels by’t gemaal,
dat waard úteinlik it ferhaal,
elk oar is ien tefolle.

’t Kin fansels de master misse,
mar de waarman hie gelyk,
it miigde as in reus allyk,
soks koe ’t gemaal net risse.

Harkje no hoe’t motors raze,
dat it wetter wint it net,
it Wetterskip syn wurd is wet…
fan allerhande bazen.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum