december 16, 2023
fan ûnbekend*
Ezechiël
God rôp my wer as minskesoan
om dizze kear te profetearjen
tsjin de Ammoniten, aaklik folk
dat húnde doe’t Jeruzalem
te lijen hie fan Babelsk kening…
har lûd krijt moarn in oare toan.
Fûleinich wjerljochtet it swurd
dat ree is foar de grutte slachting
fan de Ammoniten, aaklik folk
dat leagens jout in lûde stim
en leaut yn falske fisioenen…
har libben hat gjin inkel nut.
Op ’t plak dêr’t Ammon berne is,
dêr’t hy him ek nei wenjen sette,
grutske Ammoniten, aaklik folk
dat spotte mei Jeruzalem,
de Hear sil rjochtdei oer jim hâlde,
jim ûndergong troch fjoer is wis.
* Foto ‘Fjoer’
december 15, 2023
fan ûnbekend*
Daisetsuzan, besnijde bergen,
is de namme, mar der is noch mear:
de sulver- en de Jezospjirren
stekke mei har nuddels fier
út boppe oare beammen…
ûnder rint de pika, ek de brune bear.
De pika is in hazze dy’t ek
fluitsje kin, syn lûd rikt lykwols net
safier dat minsken nei dit lânskip
komme, ’t gea fan berch en bosk
en dier, om dêr te sjongen
by de pika-fluit, de bear fielt gjin ferlet.
By ’t rûzjen fan de beammen fluitet
wol de brêge mei, de pika docht
syn bêst om ek de bear safier te
krijen dat er sjongend bromt,
sadat de minske oer de
brêge komt, ek sjongend nei dit lânskip sjocht.
* Foto ‘Nasjonaal Park Daisetsuzan yn Japan’