Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Reklametik

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
De moarntiid eage grau,
de beammen hiene gjin gesicht
en stiene op ‘e kaai te klomjen,
alle doarren wiene ticht,
it libben bûten kaam yn ’t nau.

Image

De feart dreau fol mei blik,
it hie wat fan in sneinsgesicht,
gjin kâns om nachts noch op te romjen
troch hollen fierste licht,
mar yn de moarntiid, dêr rûn ik.

De markol dreau dêr ek,
foar my in kâns foar mar ien fraach:
fûn hy dit foar de stêd reklame?
Snits kriich de folle laach:
oars net as lucht, wa is no gek?

Behalve hy en blik
dreau yn de feart ek dy ballon
fan frou De Jong, de wentedame…
in hûs fan trije ton,
ik swim wol troch, wa hat in tik?

Image

admin

Op ‘e romte sjitte

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Hy leit dêr alle dagen
wurkleas winterdeis, de rûnfeartboat,
dat lisplak is formeel akkoart,
mar kin in promenade rust ferdrage?

De rust fret yn it izer,
troch de ferve fan de âlde aak,
in nije is net yn de maak,
gjin jild, in swalkjend skipper is wol wizer.

Hy swalke troch de jierren
fan it iene nei it oare plak,
de aakroef is syn ûnderdak,
de mienskip hat him leaver dêr as hjirre.

De rêst kin hy net fine
as de dagen rinne nei âldjier,
syn rustaak tsjinnet net as sier,
de promenade wol ’t, hy moat ferdwine.

It fjoerwurk yn de fierte
sjocht er op ‘e steiger oan de mar,
fan âld op nij hat er gjin kar,
op klokslach sil er op ‘e romte sjitte.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum